Wolkom by Toanielferiening “Nut en Genoegen, sûnt 1863, fan Tsjom

 
Toanielferiening Nut en Genoegen hat nijs
Op 17, 18 en 19 maart spille Nut en Genoegen it stik 'It siet yn'e loft", in klucht fan M. Camoletti. Frijfeint Paul, dy't in flat yn Parys bewennet, hat kontakt mei de programma-ôfdieling fan it fleanfjild dêr en hat boppedat in relaasje mei trije stewardessen. It hjit dat er mei elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels sa net. Yn it stik komt syn freon Robert by him op besite en dy heart nuver op as Paul him fertelt fan syn yntime relaasjes mei trije froulju.
Dy fernuveret him der oer dat it noait in kear misrint en de iene fan de oare weet kriget. Mar Paul seit dat it net misrinne kin, want by feroaringen yn 'e tsjinstregeling wurdt er warskôge troch syn kunde oan it fleanfjild. Dat, it liket Robert dan ek net iens sa gek ta. Lit it no krekt as Robert dêr útfanhûzet folslein yn 't hûndert rinne.
Foto's Vrijdag 17-3-2023 foto's zondag 19-3-2023
 

 

(C) Dorpsbelang Tzum